TEKSTEN
Hjir fynsto in oantal teksten fan Marius(z) de Boer
Klik op de titel
ik hearde bisten oer ús praten
yn in taal dy’t ik net ferstie
ik seach nei dy, ik seach de see
ik seach de ôfgrûn hiel tichtby
ik seach de mearkestêd dy’t lokke
it wie noch mar sa’n eintsje
ik seach de twivel yn dyn eagen
ik seach dyn leafde foar it no
ik wist dat as ik it werklik woe
it ljochtskip ferskine soe
út ’e see wei, op ús ta
ús meinaam fan dit strân ôf
nei de râne fan de wrâld
it wie dy gedachte dy’t my rekke
dat de wilskrêft fan de siel
ferlieze koe fan ’t libben
it makke my oerstjoer
ik sei, wy ha ’t der net mear oer
mar ik sil nea net wer ferjitte
de kar dy’t ik doe makke
ik woe dy noch net ferlitte
ik wist dat as ik it werklik woe
it ljochtskip ferskine soe
út ’e see wei, op ús ta
ús meinaam fan dit strân ôf
oer de râne fan de wrâld
stadichoan fielde ik wol
dat dit gjin tafal wêze koe
alles wat hjir rûnom bart
it liket foarbestimd foar my
it begûn al dêr’t myn widze stie
’n heit en mem dy’t hâlden fan my
dêr ’t de hjerst hast moaier as de maaitiid wie
fielde ik de rykdom fan de natoer
poerbêste minsken út myn bernetiid
ek hjoeddedei dogge se noch mei
hast elkenien dy’t ik begroetsje hjir
laket my ta en swaait my nei
hie ik eartiids noch wolris twivels
de lêste jierren bin ik wol wis
alles wat ik sjoch, wat hjir bart, wat ik belibje
it draait allegear, it draait allegear om myn gelok
dagen binn’ krekt as nachten
ik fiel my riker nei elk ferlies
al dy wûnders dy’t my oerkomme
dreamen komme út
ik fiel my de stjer yn in fielgoed-Truman-show
nee, ik wol hjir nea wer wei
en as it my allegear dregernôch wurdt
dan doch ik sebeare mei
hie ik eartiids noch wolris twivels
de lêste jierren sjoch ik it oars
alles wat ik sjoch, wat hjir bart, wat ik belibje
it draait allegear, it draait allegear om myn gelok
tekst en muzyk: Marius de Boer
ik wie nea net sa op syk
mar ynienen: dêr stiesto
ik wist net wat my oerkaam
in wier geskink fan god
ja, ik leaude noch sa bot
en do de allerleafste faam
fan in libben sûnder leafde
nei in leafde foar it libben
ik soe en woe dy alles wol jaan
ik boude in hûs foar dy
mei fjouwer lytse keamers
de muorren; do ferveste se earst wyt
ik seach yn dyn eagen
dyn langstme nei letter
nei in bern, twa of trije; it wie dyn dream
ik hie noch dy hoop
moarn wurdt alles better
as god it wol kin in wûnder dochs bestean
ik fernaam dyn twivel, it fertriet
it betrouwen wie ferdwûn
stadichoan oan dreaune wy út elkoar
it hûs is no ferkocht
it wie fierstente grut foar my
nee, nea haw ik noch wer socht
om in oare frou as dy
nee, dit wie it dan foar my
it libben driuwt sa wol foarby
it wie al jierren letter
doe’t ik dy nochris stean seach
do mei trije lytse bern
wie dit werklik no it lot
of gewoan de wil fan god
nee, ik leaude net mear sa bot
tekst en muzyk: Marius de Boer
Ik sjoch it oan dyn eachen
Do soest it graach witte wolle
Mar do doarst it net te freegjen
En ik sis noait net te folle
Sa’t der oer my praet wurdt
Dêr’t reek is, is ek fjoer
Der bleauwe tûzen fragen
As wie it in grut aventoer
Ik haw nimmen nea wat oandien
Op in dei sil ik ’t wol sizze
Mar tiden hawwe tiden
Salang lit ik jim yn it ûngewisse
Hasto it dien, hasto it dien, hasto it dien
De parse is der wol wis fan
Ek al sprekke se inoander tsjin
Se skriuwe: alles moat in doel ha
Mar se witte net fan it begjin
Wit wol wat jim witte wolle
Wit wol foar wa’t jim kieze
Ek al soe ien fan jim winne
Ik sil nea ferlieze
Ienris sil ik it beskriuwe
Ienris giet myn siel fan ’t slot
Dan diele wij de wierheid
Mei inoar en mei god
Hasto it dien, hasto it dien, hasto it dien
Hasto it dien – In lytse stap foar my
Hasto it dien – In grutte sprong foar dy
Hasto it dien – Tiden hawwe tiden
Hasto it dien – hasto it dien, hasto it dien
tekst en muzyk: Marius de Boer
Ik bin in Amsterdammer
Hikke en tein yn in doarp
Hjir tichtbij oan de oare kant fan de see
Ik bin in Amsterdammer
Ek al wurkje en wenje ik yn in lân
Hjir tsinoer oan de oare kant fan de dyk
Dit is myn doarp
Dit is myn thús
Tusken tûzenen minsken fiel ik my frij
De daam yn de Amstel, de âlde seedyk
Dit is myn thus, haven oan it IJ
Ik bin in Amsterdammer
Roppend yn in eigen aksint
Sa’t se dat prate oan de oare kant fan de see
Ik bin in Amsterdammer
Ek al bin ik grutbrocht yn it lân
Hjir tichtby, oan de oare kant fan de see
Dit is myn stêd, hjir bin ik mysels
Tusken tûzenen minsken fiel ik my frij
De daam yn de Amstel, de âlde seedyk
Dit is myn thus, haven oan it IJ
Hjir stean de huzen op peallen
Dy’t nea net fergean
Hjir kist alles krije
Wat God hat ferbean
Hjir bin ik wurden
Wa’t ik no bin
Hjir bin ik thús
Bang foar net ien
It doarp fan ús Friezen
It doarp fan ús Boeren
Noch hieltyd op syk
Nei reammeblanke hoeren
Ik bin in Amsterdammer
De wallen de grêften
Hjir bin ik frij
Dit doarp heart bij mij
Ik bin in Amsterdammer – heee heee
tekst en muziek: Marius de Boer
It wit, datsto witst hoe’t it gien is
En ik fiel, datsto leaust dat it dien is
Mar it is net oan my
Ik wit datsto leaust dat it in oar is
Ik leau dat ik woe dat dat wier wie
Mar it is net oan my
Efternei besjoen koe ik it wol witte
Wat ik dy tasei, do moatst it mar ferjitte
Mar it is net om dy
It wie al foarsein yn de stjerren
Ek al binn’ wy salang al tegearre
Mar it is net oan my
Do witst dat it moarn alwer sneon is
En do witst dat sy mear as in freon is
Mar it is net oan my
En ek al ha wy gjin tiid foar elkoar ‘dear’
Ek al ha wy gjin each foar de nacht mear
It is net te let
Ik tink dat ’k wol wit wa’t it sein hat
Sa ha’k it al sa faak beskreaun
Mar it is net om dy
Do woest nea op reis nei de himel
Do sietst noch sa fol fan it ferline
Mar it is net te let
Lit ús gean foar elkoar en de wierheid
Lit ús gean foar de nacht dy’t ik thús bin
En bliuw by my
Lit ús gean foar in oar en de frijheid
Lit ús gean foar de dei dat ik ja sis
Mar bliuw by my
Bliuw by my