Mariusz is in Fryske sjonger, pianist en lietskriuwer. Hy wie de frontman fan 'e Fryske folkrockgroep Reboelje, wêrmei't er regionaal sukses hie. Mariusz makket hertstochtlike, meloadyske pop- en rocklieten en skriuwt oertsjûgjende universele teksten. Mariusz bringt út en troch nije muzyk út en spilet ynsidinteel live op festivals, teaters of yn muzykkafees.

Der komt wer in nije single oan. De release is op 19 maaie 2023.
De titel fan it liet is: Ik bedarre yn 'e himel.

wat west hat wie

de nacht wachtet

de útstjoering

Mariusz is yn 2022 start mei de opnames fan in nij album. De nije opnames wurde makke yn gearwurking mei producer Nico Outhuijse. Yn de rin fan dit jier en begjin 2023 sille nije singles wurde útbrocht. Titels fan nûmers dêr`t Mariusz en Nico wurkje: Het Ljochtskip, Myn Gelok, It Lot fan God, Sy en de Hei, Jitske van Dyk.

It live album 'de Utstjoering' kaam yn 2020 út. Opnames makke presys 12,5 jier lyn by Twente-FM. Op 9 maart 2020 spile Mariusz wer live by in Twente omrop, om it album live te presintearjen.